In frjemd stel

De earste útfiering sit der op en it gong goed. In folle seal en hiel moaie reaksjes! Foar de twadde jûn binne der noch kaarten beskikber (toanielferienigingheideblomke@gmail.com/0516-462979).

In frjemd stel is by útstek in stik om mei fuort te spyljen. It Heideblomke beskikt oer in eigen lûd-ynstallaasje, hjirtroch ha wy optimaal lûd en kin der nei ôfrin muzyk draaid wurde. Mocht jo ferieniging / organisaasje ynteresse hawwe yn in útfiering fan it Heideblomke by jo op de lokaasje, ynformearje dan nei de mooglikheden (toanielferienigingheideblomke@gmail.com / 06-22529434).