It Heideblomke spilet Amateurs

“Trije keer is skeepsrjocht, nei de Corona einlings wer los”.

Op freed 20 jannewaris en sneon 21 jannewaris om 20.00 oere yn MFG De Kompenije spilet it Heideblomke foar jim de komeedzje “Amateurs” fan Wannie de Wijn. Oersetten troch Gurbe Dijkstra.

Sân akteurs krûpe yn de hûd fan de spilers fan “Toanielploech It Heideblomke”. De toanielploech mei einlings repetearje yn de grutte seal fan de Kompenije! Om it nivo omheech te heljen, ha se foar dizze foarstelling in profesjonele regisseur ynhierd. De sfear wurdt oanienwei nerveuzer, der is net folle tiid mear oant de premjêre, de regisseur wurdt ûngeduldiger, kostûms binne net ôf, der is djin dekor en wa docht no eins presys wat? En wa sit der hieltyd mei it ljocht om te kloatsekjen, komt Joop noch en wa docht it no wol of net mei de regisseur?

Allegear fragen dêr’t noch in antwurd op komme moat, foar de jûn fan de premjêre……

Jim kinne plak besprekke by:

Marten de Vries 0516-462979 of fia toanielferienigingheideblomke@gmail.com