It stik fan 2020

It Heideblomke spilet dit jier “In frjemd stel” van Neil Simon.

It appartemint fan Olive Madison is it plak wêr ‘t in groep freondinnen elke freedtejûn byelkoar komme om Triviant te spyljen. Olive is skieden en liket har, ôfsjoen fan it feit dat se neat op oarder hat, redelik goed allinnich rêde te kinnen. At ien fan de freondinnen, Florence Unger, ek skiede sil, noadicht Olive har út om salang by har te wenjen. Alle freondinnen, ynklusyf Olive sels, bin nammentlik bang dat Florence de skieding net oan kin en rare dingen dwaan sil. Gruttere tsjinpoalen as Florence en Olive binne der net, en it duorret dan ek net lang as de bom barst tusken it neuroatyske kasplantsje Florence en de rommelige, stoere Olive. De direkte oanlieding hjirta foarmje de twa Spaanske broers dy ‘t yn it selde gebou wenje. Olive hat har sinnen op de beiden manlju set, mar wurdt hjiryn danich dwers sitten troch Florence. Ut einlings is by Olive de maat fol en se set Florence derút. Hoe kin it ek oars as dar Florence no leafdefol opnommen wurdt troch gjinien minder as… de beide Spaanske broers.

De rollen binne as folgt ferdield:

Sylvie, Petra Witteveen

Mickey, Lisette de Vries

Renee, Willy van der Bergs

Vera, Janneke Stelma

Olive, Nynke Bijstra

Florence, Wytske Bijstra

Manolo, Anne Jongsma

Jesus, Gosse Kleefstra

Tineke Hielkema sil dit kear soufleare.

De ûtfierings binne op sneon 18 jannewaris en 25 jannewaris om 20.00 oere yn kafee ‘De Alde Slûs’ te Jobbegea.

Plak besprekke kin by Marten de Vries 0516-462979 of fia toanielferienigingheideblomke@gmail.com.