Toanielfoarstellingen 2021

Spitergenôch moatte wy troch de Corona ús toanielfoarstellingen foar dit jier jannewaris 2021 skrappe.
Wy hiene wer in moai stik útsocht mei in nije ploech spilers, it stik hjit “ Amateurs” fan Gurbe Dijkstra.
En dan foar it earst op de lokaasje yn de Kompenije, in moaie nije start. Mar as safolle oare eveneminten
kin dit net troch gean, de 1,5 meter ôfstân is lêstich mar foar alles is de sûnens foar elkenien it belangrykste!
Yn oerlis mei de oare toanielferieningen is dan ek besletten om dit jier hielendal net te spyljen.
Ek it iepenloftspul yn juny giet net troch.
Nei de simmer yn 2021 kinne we hooplik wer útein sette mei ús stik “ Amateurs” en dan yn de Kompenije!
Foar alles, bliuw sûn!

It bestjoer it Heideblomke