Toanielútfieringen 2022

Sa as jim op de foto sjogge wiene we der hielendol klear foar. Mei in protte plesier en entûsjasme wiene we yn novimber begûn mei ús repetysjes. Foar it eerst spylje yn de Kompenije mei in moai stik en in fijne ploech oan spilers…

Mar spitich genôch smyt corona op ‘e nij roet yn it iten en moatte we ús útfieringen ek foar dit jier wer skrasse.

We hoopje jim folgjend jier wer te sjen of faaks by it iepenloftspul yn juny as dat tenminsten wol trochgean kin.

Mar foar alles, bliuw sûn en winskje we jim alle goeds foar 2022!

It Heideblomke