It Heideblomke is oprjochte yn 1873.
Jobbegea wie doe bekend om har beamtegrien en foaral om de heide.
Fan dêr de namme it Heideblomke, in blomke fan eigen grûn.
Mei it hûndertjierrich bestean yn 1973 is der in boekje útjûn, “ in blomke fan eigen groun”, skreaun troch de hear Bylsma út de Joure.
In tinkboekje, dêr’t de skiednis fan it Heideblomke yn fêstlein is.
De foarsitter fan eartiids H. Heida skreau yn it foarwurd fan it boekje, “ út it ferline kaam it hjoed, út it hjoed de takomst, dat it Heideblomke mar groeie en bloeie mei”.
It boekje is te besjen yn it argyf fan it Heideblomke.